Gaswinning troch Vermilion by Toppenhuzen kin trochgean

19 apr 2017 - 10:25

De gaswinning troch Vermilion by Toppenhuzen kin trochgean. De Ried fan Steat hat de acht beswiermakkers tsjin de gaswinning by Toppenhuzen gjin gelyk jûn. It iennige punt dat de beswiermakkers wol binnenhellen wie dat Vermilion de ynwenners better ynformearje moat oer de werklike boaiemdelgong. Under de beswiermakkers wiene Doarpsbelang Top en Twel, in bewennersferiening en de protestantske gemeente Uitwellingergea-Toppenhuzen.

De beswieren wiene benammen rjochte tsjin it gaswinbeslút fan de minister. De beswiermakkers binne bang foar ierdbevingen troch boaiemdelgong as gefolch fan de gaswinning. Der wurde dêrom nei alle gedachten tiltmeters pleatst. Neffens it gaswinbedriuw falt it mei de delgong wol ta. Vermilion sil by de gaswinning in gasput brûke dy't al yn 1972 slein is. Der sit nei ferwachting 300 miljoen kúb gas yn de boaiem. Derfan sil tusken de 20 en 60 prosint wûn wurde.

Foarsitter Tsjerk Bouwhuis fan doarpsbelang Top en Twel neamt de útspraak spitich, mar ferwachte. Hy is ynnaam mei eardere súksessen dy't helle binne, lykas it ôftwingen fan nulmjittings en it pleatsen fan tiltmeters.

De steatefraksje fan de PvdA is teloarsteld dat de gaswinning trochgean kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)