BurgumRun dit jier foar de lêste kear

19 apr 2017 - 10:19

De hurdrinwedstriid De BurgumRun wurdt dit jier foar it lêst hâlden op snein 10 septimber. De organisaasje hat gjin opfolgers en fynt 10 jier BurgumRun wol in moai momint om der mei op te hâlden. De BurgumRun is yn 2008 ûntstien fanút loopklup Rapido, de hurdrinklup fan doe yn Burgum.

Yn 2015 wie de BurgumRun noch ûnderdiel fan it hurdrinprogramma fan Omrop Fryslân 'Fit mei Femke'. Foar alle dielnimmers oan de 10e BurgumRun sil der in spesjaal hurdrinshirt klearlizze. Der is plak foar tûzen dielnimmers en der kin keazen wurde út 16 km, 10 km en 5 km. Foar de bern is der in wedstriid oer 2,5 km. De foarynskriuwing fan de BurgumRun is woansdei begûn op de site fan http://www.burgumrun.nl/

Trefwurden: 
hurdrinnen Burgum BurgumRun
(Advertinsje)
(Advertinsje)