Drugshannel op Skylge, fertochten oanhâlden

19 apr 2017 - 10:08
Foto: ANP XTRA

De plysje op Skylge hat yn in grut ûndersyk nei grutskalige drugshannel op it eilân, yn totaal seis fertochten oanhâlden. Haadfertochten binne twa Skylgers fan 20 en 33 jier. Sy wurde fertocht fan de hannel yn weed, kokaïne, amfetamine en ketamine.

Earder dizze moanne binne twa manlju fan 29 en 37 jier en in 22-jierrige frou oanhâlden. Tsjin harren is proses-ferbaal opmakke foar de hannel yn kokaïne. Tiisdeitemoarn is in sechsde fertochte oanhâlden. Dizze 35-jierrige Skylger wurdt ek fertocht fan hannel yn kokaïne. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

Trefwurden: 
drugs Skylge drugshannel
(Advertinsje)
(Advertinsje)