Soad belangstelling foar ynsprekjûn hurdfarren Burgumer Mar

18 apr 2017 - 22:51

De plannen foar it mooglik meitsjen fan hurdfarren op de Burgumer Mar soargje foar twaspjalt yn de regio. Dat die tiisdei bliken op de ynsprekjûn fan de gemeenteried oer de plannen fan twa ûndernimmers.

Oerlêst of mear toeristen?

De riedseal yn Burgum siet hielendal fol en ek in twadde sealtsje mei in skermferbining wie oan de lêste stoel ta beset. Foar- en tsjinstanners koene harren miening jaan oer oft it ferbot op hurdfarren dat yn 2003 ynsteld is, wer fan tafel moat. De tsjinstanners binne benaud dat it foar in soad oerlêst soargje sil foar minsk en natoer. Foarstanners tinke dat it in soad ekstra toeristen opsmite kin.

Provinsje beslút

De ried sil meikoarten in advys utbringe oan de provinsje. Dy moat der útteinlik in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
hurdfarre Burgumer Mar
(Advertinsje)
(Advertinsje)