Organisaasje Kulturele Haadstêd tefreden oer finansiering

It giet goed mei de finansiering Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Dat seit finansjeel direkteur John Bonnema. Fan de 72 miljoen euro dy't de organisaasje neistribbet is op dit stuit 91 persint binnen. Der wurdt noch ûnderhannele mei in tal grutte sponsoaren oer de rest. Bonnema is der optimistysk oer dat dat slagget. Hy slút sels net út dat der mear as 72 miljoen binnenkomt.
Bonnema wie ien fan de gasten op de fûnswerfings- en mienskipsgearkomste dy't tiisdeitejûn plakfûn yn teäter De Harmonie yn Ljouwert. Yn totaal kamen dêr sawat seishûndert minsken op ôf. Fierwei it grutste part fan harren bestie út minsken dy't belutsen binne by projekten foar 2018, fûnsen dy't dy projekten stypje en minsken fan de organisaasje. Ferskate projekten binne noch op syk nei oanfoljende finansiering. Tasizzings fan fûnsen smiet dat net op. Mar neffens de organisatoaren binne der wol goede kontakten lein.
Under de Toer
De besikers krigen op de mienskipsgearkomste oan it begjin fan de jûn ynformaasje oer in tal projekten dat al wis is lykas de Reuzenoptocht, Under de Toer en Sense of Place (sjoch ek www.2018.nl). Ek wie der romte foar fragen. In pear minsken makke dêr gebrûk fan.
Deputearre Johannes Kramer oerlange oan fiif projekten út fiif regio's fan Fryslân in stimulearingssjek fan 2018 euro út it Mienskipsfûns. De betinkers kinne dêrmei harren idee fierder útwurkje. It giet om Linen yn it Lân út Wâldsein yn Súdwest-Fryslân, It Ytbos út Hantum yn Noardeast-Fryslân, Zaken van Staat en oorlog fan keunsthûs Syb út Beetstersweach yn Súdeast-Fryslân, it bûtenreyntegraasjesintrum út Ljouwert foar Noardwest-Fryslân en Voedsel van de Zee fan Skiermûntseach foar it Waad.
Krityk
Direkteur Lieven Bertels fan kulturele haadstêd gie yn op krityk dat it te lang duorret foardat bekend wurdt wat der takom jier plakfine sil. Neffens him is de oankundige datum fan 5 oktober net te let. Guon projekten binne noch net wis en it soe net goed wêze om dy earst wol bekend te meitsjen en letter wer yn te lûken. Mar foaral tinkt Bertels dat de oankundiging trije moannen foar de start in goede perioade is omdat it publyk oars de oandacht ferliest.