Sloop histoarysk hokje De Lemmer giet net troch

18 apr 2017 - 21:18
Lemsters stride foar behâld fan 'it eintsje fan 'e daam' - Foto: Twitter, Hilda Boesjes

De sloop fan 'It eintsje fan 'e daam' op De Lemmer giet foarearst net troch. It kolleezje fan de gemeente De Fryske Marren hat dêrta tiisdei in foarstel dien nei fûle protesten.

It histoarysje hokje op de daam op De Lemmer soe ôfbrutsen wurde, mar dat smiet in protte protest op. De petysje om de sloop foar te kommen is goed 1.200 kear tekene. Der is neffens it kolleezje dan ek net foldwaande draachflak om it ôf te brekken.

It kolleezje sil de kommende moannen mei in nij foarstel komme oer de takomst fan it hokje. It wurdt mooglik restaurearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)