Welcome to the Village makket trettjin nije nammen bekend

19 apr 2017 - 09:00
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It muzykfestival Welcome to the Village hat wer trettjin nije acts fêstlein foar it festival. Under oare The Gospel Sessions, Larry Gus, Zebra Katz en De Likt komme nei it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert.

Earder waard bekend dat ûnder oare Franz Ferdinand, Blaudzun, 65daysofstatic, Spinvis, Mighty Oaks, DMA's en Broken Brass Emsemble optrede sille op Welcome to the Village. It festival is fan 21 oant 23 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)