Eaststellingwerf wol boargemaster Oosterman hâlde

18 apr 2017 - 20:15
Harry Oosterman - Foto: Gemeente Eaststellingwerf

As it oan de gemeenteried fan Eaststellingwerf leit, wurdt Harry Oosterman wer beneamd as boargemaster. Dat hat de ried tiisdeitejûn besletten op advys fan in spesjale kommisje. It advys fan de ried wurdt ynkoarten troch kommissaris Brok foardroegen oan de minister fan ynlânske saken.

It soe it tredde amtstermyn fan seis jier wurde foar CDA'er Oosterman. Syn twadde termyn ferrint op 17 oktober dit jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)