Saksofoan spyljende autobestjoerder fan de A7 helle

18 apr 2017 - 18:51
Saksofoan - Foto: Omrop Fryslân

In nuver tafriel tiisdeitejûn op de A7 tusken Drachten en Grins. In 49-jierrige man út Diemen ried dêr mei lege snelheid oer de dyk, wylst er saksofoan spile. De man ried mei ûngefear 80 kilometer efter in frachtwein, mar slingere oer de dyk. Doe't de man troch de plysje oanhâlden waard, ferklearre er dat er yn in band spilet en in muzykstik oan it oefenjen wie.

Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
A7 saksofoan
(Advertinsje)
(Advertinsje)