Kramer: "Hurdere oanpak guozzen echt needsaaklik"

De hurdere oanpak fan guozzen is needsaaklik, omdat de skea de ôfrûne jierren te bot tanaam is. Dat sei deputearre Johannes Kramer fan de provinsje Fryslân tiisdeitemiddei by de presintaasje fan de nije oanpak.
De oanpak fan guozzen yn Fryslân giet oer de kop. Der wurde 200.000 guozzen deasketten en der komme folle minder 'foerazjeargebieten' dêr't de guozzen yn rêst ferbliuwe.
Boeren, jagers en Steatsbosk binne foar
De nije oanpak fan de provinsje kin rekkenje op stipe fan boere-organisaasje LTO, fan de jagers en fan natuerorganisaasje Steatsboskbehear.
Fryske Gea en Natuermonuminten stappe mooglik nei de rjochter
It Fryske Gea en Natuermonuminten binne it der net mei iens. Neffens harren wurde yn it nije plan te folle guozzen ôfsketten. Sy wolle dan ek besykje Provinsjale Steaten safier te krijen dat se tsjin it plan stimme sille. Se komme dêrom sels mei in plan B, dat neffens harren better is foar de goes. Mocht dat plan B it net helje, dan slute se net út dat se nei de rjochter stappe.
Kontrôle
Natuerorganisaasje Steatsboskbehear stipet it plan wol, mar sil strang tasjen op de ôfspraken. Sa moatte neffens harren de feilige gebieten foar guozzen bot ferbetere wurde en moat der strang tasjoen wurde op wat de jagers krekt dogge.
Legere guozzefergoeding
De boeren binne wol wiis mei it plan om't yn de nije oanpak folle mear romte is foar it bestriden fan guozzen. Dochs binne sy ek net alhiel bliid mei de plannen fan de provinsje. Om de boeren safier te krijen dat se sels oan bestriding dwaan sille, giet de fergoeding dy't boeren krije foar guozzeskea bot omleech. Yn stee fan 100 of 95 persint fergoeding krije se noch mar 80 persint. Neffens LTO sil dat foar guon boeren problemen opsmite.
It guozzeplan fan de provinsje komt yn juny yn Provinsjale Steaten.