Proloog nimt alve ferfangende learkrêften yn tsjinst

Yn de ferfangingspool fan Proloog sitte tsien juffen en ien master © Proloog
Om foar kontinuïteit te soargjen hat de Ljouwerter ûnderwiiskoepel Proloog in ferfangingspûl opset mei alve learkrêften. Dy binne it hiele jier yn tsjinst fan Proloog en wurde ynset op skoallen dêr't dat nedich is. Elke ferfanger hat in fêste skoalle as stânplak. De master of juf wurket dêr as der op in oar plak gjin ferfanging nedich is. Sadwaande is de ferfanger altiten wis fan wurk en kin dy ek byleare, krekt as masters en juffen mei in eigen groep.

Proloog wol de ferfangingspûl yn de takomst fierder útwreidzje. Njonken de ferfangingspûl hat Proloog ek tolve nije learkrêften yn fêste tsjinst beneamd. Proloog hat 23 iepenbiere basisskoallen yn Ljouwert, Techum, Goutum, Wergea, Warten, Wurdum, Grou, Jirnsum, Reduzum en Lekkum.