Learlingeferfier gemeente Hearrenfean nei bedriuw VMNN

18 apr 2017 - 17:20
(fotofoarbyld) - Foto: Omrop Fryslân

It bedriuw Vervoersmanagement Noord-Nederland (VMNN) mei fan augustus ôf it ferfier fan skoalbern fersoargje foar de gemeente Hearrenfean. It bedriuw fersteviget dêrmei syn posysje yn Fryslân. Op it stuit fersoarget Taxi Witteveen it learlingeferfier.

Earder wûn VMNN ek al in diel fan de oanbesteging fan it doelgroepferfier yn Noardeast-Fryslân. Ferline jier naam it bedriuw taksybedriuw Beimers en Javotours oer.

VMNN makket by de útfiering fan it learlingeferfier yn de gemeente Hearrenfean gebrûk fan ferfiersbedriuwen yn de regio, seit it bedriuw ta.

Trefwurden: 
VMNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)