Linde College Wolvegea fusearret mei skoalle yn Stienwyk

18 apr 2017 - 17:06

It skoalbestjoer fan it Linde College yn Wolvegea sil fusearje mei dat fan in skoalmienskip yn Stienwyk. Mei-inoar giet it om trije skoallen foar fuortset ûnderwiis. Oanlieding foar de fúzje is dat it tal learlingen de kommende jierren nei ferwachting wol sa'n 20 persint tebekrint. Dat hat mooglik grutte gefolgen foar eltse skoalle. Troch te fusearjen kinne de skoalmienskippen der better foar soargje dat se in breed ûnderwiisoanbod, fan praktykûnderwiis oant en mei VWO, oerein hâlde yn Weststellingwerf en Stienwikerlân, sa skriuwe de skoalbestjoeren.

De meisizzenskipsrieden en rieden fan tafersjoch hawwe al ynstimd mei de bestjoerlike fúzje, it ministearje fan Underwiis moat noch grien ljocht jaan. It doel is dat de fusearre skoallen fan 1 jannewaris 2018 ôf fierder gean as ien skoalmienskip mei twa fêstigingen mei ûngelikense profilen. Ien fêstiging soe in 'ûndernimmende skoalle' wurde moatte en de twadde in 'ûndersykjende skoalle'. De 'ûndernimmende skoalle' moat learlingen tariede op it MBO en takomstich wurk; de ûndersykjende skoalle wurdt mear teoretysk en moat learlingen tariede op heger beropsûnderwiis en de universiteit.

Trefwurden: 
Linde College Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)