Boete easke tsjin dochter foar wytwaskjen krimineel jild

18 apr 2017 - 16:56
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

Tsjin de dochter fan de fertochte yn in grutte wytwasksaak is in boete easke fan 15.000 euro. Se soe har heit holpen hawwe grutte bedraggen swart jild dêr't de herkomst net fan oantoand wurde koe, om te setten yn legaal jild of te brûken foar oankeapen.

Klûs ûnder de flier

De plysje fûn by in ynfal by har thús ûnder de flier in klûs mei 150.000 euro. De frou seit dat se neat fan de klûs ôf wist.

Auto

Justysje ferwyt har dat se in auto oanskaft hat, dy't har heit foar it grutste part betelle hat. En hy hie har in stoel kado dien foar har tattooshop. Se hie witte kinnen dat dat allegearre betelle wie fan krimineel jild, seit justysje.

Trefwurden: 
wytwaskjen dochter justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)