Drugsoerlêst ferpleatst him fan binnenstêd nei wiken

18 apr 2017 - 16:28

Minder geweld, ynbraken en stellerijen, mar mear drugsoerlêst. Dat binne de belangrykste saken dy't opfalle yn de Feiligensmonitor fan de gemeente Ljouwert. Dy waard tiisdeitemiddei presintearre yn it stedhûs yn Ljouwert.

Binnenstêd skoart better

Alle jierren makket Ljouwert bekend hokker wiken oft it goed dogge en hokker net. De binnenstêd fan Ljouwert skoart fanâlds it minst as it giet om kriminaliteit en oerlêst. Dat heart ek in bytsje by in binnensted, sa lit de plysje wite. Dochs giet it de lêste jierren ek dêr de goede kant op, sa docht bliken út it ûndersyk. Der binne minder mishannelingen, ynbraken en stellerijen.

Rotsoai op strjitte

Yn de hiele gemeente Ljouwert wurdt in soad klage oer ôffal op strjitte. Minsken hawwe dêr argewaasje fan, benammen yn de wyk Heechterp. De drugsoerlêst is ek tanaam. Dy ferpleatst him út de binnenstêd nei de omlizzende wiken. It totaalsifer fan Ljouwert as it giet om de feilichheid is 7,17. It giet by dat sifer om in kombinaasje fan it feilichheidsgefoel en de plysjesifers. De wyk Wielenpôle yn Ljouwert skoarde ferline jier noch 'read' op it mêd fan feiligens, mar docht it no wat better. 

(advertinsje)
(advertinsje)