Crone: net drinke ûnder de 18, ek net op Keningsdei!

Mar leafst 127 jongeren ûnder de 18 dy't ferline jier op Keningsdei yn Ljouwert alkohol dronken binne troch boargemaster Ferd Crone op de fingers tikke. Harren âlden hawwe fan Crone in brief krigen. Yn it skriuwen wiist de boargemaster harren op it gedrach fan harren neiteam.

Op Keningsdei wurdt tradisjoneel in soad dronken troch minderjierrigen. Sy binne ferline jier man- en froumachtich trapearre op de festivalterreinen yn Ljouwert. Crone beheint syn oanpak net ta Keningsdei. Ek as minderjierrigen op oare dagen betrape wurde op alkoholgebrûk kinne de âlden in brief fan de boargemaster ferwachtsje, sa seit Crone.