Sander en Esmee Metz sjonge foar War Child

18 apr 2017 - 15:33

Sjonger Sander Metz docht mei syn dochter Esmee (9) mei oan in wedstriid fan War Child. By 'Jij en ik' moatte âlden mei harren bern in filmke ynstjoere dêr't se in liet yn sjonge. Doel dêrfan is sjen te litten dat de relaasje âlden en bern hiel wichtich en moai wêze kin, eat dat in soad bern yn in oarlochssituaasje misse moatte.

De Metzen bringe in akoestyske ferzje fan 'Work from home' fan Fifth Harmony. "Het voelt heel bijzonder", seit Sander Metz dy't ek gitaar spilet. Hy lit syn dochter safolle mooglik frij, want hy wol har net pushe. Sa kriget se gjin sang- en muzykles fan har heit, mar fan oaren. En krekt dêrom like it heit en dochter sa moai om oan dizze War Child-aksje mei te dwaan.

De dielnimmers moatte der sels foar soargje dat de filmkes troch safolle mooglik minsken sjoen wurde. Sander en Esmee stean op dit stuit op plak twa yn de ranglist, mar dat kin gau feroarje, seit Sander dy't oarspronklik fan It Amelân komt en no op de fêstewâl wennet. De winners meie harren liet spylje op 14 juny yn de telefyzje-útstjoering fan War Child.

Trefwurden: 
Sander Metz Esmee Metz
(Advertinsje)
(Advertinsje)