Soad ynbraken oplost mei arrestaasje fan acht 'boefkes'

Oanhâlding © ANP
Mei de oanhâlding fan acht jonges tusken de 16 en 18 jier hat de plysje tsientallen ynbraken en gefallen fan stellerij oplost. In soad dêrfan wiene yn de kantine fan fuotbalferiening Dokkum. Seis jonges út Dokkum, Drachten en Lelystêd hiene de kaai fan de kantine en wisten ek hoe't it alarmsysteem wurke. Sa koene se der maklik yn komme. Se namen jild en iten mei en dronken fan de frisdrank en ieten de snobberij yn de kantine.

Twa oare jonges út Dokkum binne oppakt omdat se in tal fytsen stellen ha. Ek hawwe se ynbrutsen yn de jeugdsoas fan Ingwierrum, in fuotbalkantine yn Dokkum en in skoalle yn Ljouwert.