Ljouwerter krijt 3 jier sel foar oansetten ta drugssmokkel

18 apr 2017 - 14:25
Rjochtbank Ljouwert - Foto: ANP

In 34-jierrige Ljouwerter is tiisdei fanwege minskehannel en it oansetten ta drugssmokkel feroardiele ta trije jier selstraf. De man hat trije minsken, wêrûnder in broer en suster út Ljouwert, oerhelle om mei te dwaan oan it smokkeljen fan kokaïne nei Nederlân. De Ljouwerter soe gearwurke ha mei in 42-jierrige Ljouwerter, mar dy syn saak waard twa wike lyn oanhâlden fanwege sykte fan de advokaat.

It is neffens de rjochtbank bewiisd dat de 34-jierrige fertochte de broer en suster oerhelle om kokaïne te smokkeljen. Broer en suster waarden yn oktober 2012 oppakt doe't se Ekwador ferlitte woene mei elts twa kilo kokaïne yn de koffer. Sy bedarren yn ien fan de strangste finzenissen fan Ekwador. De frou wie swier en krige yn de finzenis in jonkje. Neffens de rjochtbank hat de Ljouwerter misbrûk makke fan kwetsbare jongeren dy't yn in drege situaasje sieten. De Ljouwerter wie neffens de rjochtbank 'folslein ûngefoelich' foar de gefolgen dy't de arrestaasje hie foar de slachtoffers en harren âlden.

De jonge frou út Ljouwert hie skulden, dy't se yn ien kear ôfbetelje woe. Har broer woe har net allinnich gean litte en gie dêrom mar mei. It Iepenbier Ministearje easke twa wike lyn fjouwer jier selstraf. Dat de straf leger útfoel, komt omdat de rjochtbank rekken hold mei in oare feroardieling fan de Ljouwerter yn in soartgelikense saak.

Trefwurden: 
drugssmokkel kokaïne
(Advertinsje)
(Advertinsje)