Geitesuvel wurdt hieltyd populêrder

18 apr 2017 - 12:37

Geitemolke, geitetsiis en ek geite-yochert wurdt hieltid populêrder. Der wurdt mear geitemolke produsearre en der wurdt ek folle mear geitetsiis ferkocht. It giet om in flinke taname. Ferline jier is neffens de Nederlânske Geitesuvel Organisaasje NGZO 300 miljoen kilo geitemolke produsearre. Yn 2000 wie dat noch mar 75 miljoen kilo. Supermerkketens lykas Albert Heijn en Plus melde in groei fan 25 oant 30 persint oan omset yn geitetsiis.

Tsiismakker Henri Willig op It Hearrenfean eksportearret syn tsiis nei mear as tritich lannen en fernimt ek dat geitesuvel populêrder wurden is. Willig syn bedriuw makket 5500 ton tsiis yn it jier. In tredde part dêrfan is geitetsiis. Neffens de NGZO is de smaak fan geitetsiis de ôfrûne jierren mylder wurden en dat soarget derfoar dat de konsumint no faker geitetsiis yt. Ek minsken dy't allergysk binne foar kowemolke keapje no faker geitesuvel as alternatyf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)