Drachten: frijwilligers sille âldere pasjinten aktivearje

18 apr 2017 - 12:06

Yn sikehûs Nij Smellinghe sille frijwilligers helpe om foar te kommen, dat de kondysje fan âldere pasjinten te fier achterútgiet of dat pasjinten yn de war reitsje. Benammen kwetsbere pasjinten rinne sokke risiko's, bygelyks omdat se te min bewege. Boppedat spilet de frjemde omjouwing ek in rol. Doel fan de ynset fan de frijwilligers is dat in sikehûsopname der net foar soarget dat pasjinten op de langere termyn minder funksjonearje.

De gearwurking fan soarchprofessionals en frijwilligers is tiisdei begûn. It is it doel dat tenei altiten sechtsjin frijwilligers fiif dagen yn 'e wike en seis oeren deis aktyf binne. Nij Smellinghe wol tenei foar eltse âldere pasjint in persoanlik plan meitsje mei de ûnderdielen beweging, iten en oriïntaasje. By it útfieren fan dat plan, as oanfolling op de soarch, binne de frijwilligers nedich. Dy frijwilligers hawwe op kursus west om harren ta te rieden op de nije wurkwize.

(Advertinsje)
(Advertinsje)