Fet mei jittik falt by Philips fan frachtwein

18 apr 2017 - 11:26
Mei help fan in kraan waard it jittikfet wêr oerein takele - Foto: Sicco Riedstra

De brânwacht fan Drachten is moandeitemoarn útrukt foar in grut fet mei jittik, dat op it fabryksterrein fan Philips oan de Tussendiepen fan in frachtwein fallen wie. It fet lekte en moast mei help fan in kraan oerein takele wurde.

De Drachtster brânwacht hat de bedriuwsbrânwacht fan Philips dêrby holpen. De bedriuwsbrânwacht hat it oanslutend fierder oppakt.

Trefwurden: 
jittik Philips
(Advertinsje)
(Advertinsje)