Krityk op plan provinsje foar ôfsjitten guozzen

18 apr 2017 - 09:51

De nije oanpak fan de guozze-oerlêst troch de provinsje Fryslân falt net goed by natuerorganisaasjes as It Fryske Gea en Natuermonuminten. De provinsje sil de plannen tiisdei presintearje. Kearn fan dan plan is dat de skea nei ûnderen brocht wurdt, sadat de provinsje net safolle skeafergoeding mear hoecht te beteljen oan de boeren. Neffens de de natuerklups wol de provinsje alle jierren sa'n 210.000 winterguozzen deasjitte.

Neffens de natuerorganisaasjes kiest Fryslân dêrmei foar in oanpak wêrby't allinnich sjoen wurdt nei de belangen fan de lânbou en de kosten. Se wize der ek op dat in soad greidefûgels al hast ferdwûn binne út it Fryske lânskip en wize op de wearde fan guozzen yn dat lânskip.

Trefwurden: 
guozzen guozze-oerlêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)