Jannick de Jong wint earste heale finale EK gersbaan

Jannick de Jong © Bert Swarts
Jannick de Jong fan De Gordyk hat moandei mei oermacht de earste heale finale om it Europeesk kampioenskip gersbaan wûn. Op de baan yn Balkbrug wûn De Jong al syn ritten. Op it twadde plak einige James Shanes út Ingelân, de regearjend Europeesk kampioen. Tredde waard Stephan Katt út Dútslân. Henry van der Steen fan Aldebiltsyl koe gjin potten brekke. Hy waard trettjinde.
De twadde heale finale wurdt op 3 juny yn it Frânske Saint Macaire ferriden. De bêste riders pleatse harren foar de finale op 12 augustus yn it Dútske Hertingen.