Sipke Hulshoff: "Minste wedstriid fan dit seizoen"

17 apr 2017 - 17:58

"Dit wie de minste wedstriid fan dit seizoen ûnder ús lieding." Dat seit trainer Sipke Hulshoff moandei nei ôfrin fan de mei 2-0 wûne wedstriid tsjin Jong FC Utrecht. "Wy hawwe mei-inoar sa'n 25 wedstriden dien dit seizoen. En dit wie de minst goede." Hulshoff is, nettstjinsteande it minne spul, wol tige bliid mei de trije punten dy't de Ljouwerters meinimme út Utrecht. "Wy winne wol mei 2-0. Sportyf is dit in goede dei. Technysk en taktysk wie it tige matich."

Ien fan de oarsaken fan it minne spul fan Cambuur wie it sfearleaze Galgenwaard-stadion yn Utrecht, dêr't hast gjin publyk siet.

"Doods"

Ek middenfjilder Erik Bakker wie kritysk oer it optreden fan syn ploech yn Utrecht: "Dit was zeker niet goed. Dit was een van de slechtste wedstrijden van ons. Dan is het mooi dat we niks weggeven. We hebben wel weer de nul gehouden."

Bakker is foaral net te sprekken oer it spul yn de twadde helte. "In de eerste helft hadden we nog wel wat kansen. In de tweede helft was het doods."

SC Cambuur kin kommende freed yn de thúswedstriid tsjin RKC Waalwijk de perioadetitel pakke.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)