Ljouwerter trio pakt mei 100 himpplanten
Trije Ljouwerters binne moandeitemiddei oppakt foar it besit fan in grut tal himpplanten. De trije fan 25, 36 en 40 jier wiene op de Egelantierstrjitte de himptoppen oan it knippen. It gie yn totaal om 100 planten. It trijetal is meinaam nei it plysjeburo en de himp wurdt ferneatige.