Patrick Bos wint Oerterp, Rixt Meijer de Ronde fan Gelderlân

Patrick Bos is peaskemoandei de winner wurden fan it kritearium fan Oerterp. De hurdfytser út Deventer fersloech John Meewisse fan Erica en Wessel Piersma út Grins yn de einsprint fan dit earste kritearium fan it Noarden. Hartthijs de Vries fan Kollum siet yn alle kopgroepen, die in protte wurk en waard úteinlik sechsde. Joakim Zuidema fan Dokkum waard achtste.
Rixt Meijer fan It Hearrenfean wûn peaskemoandei de Ronde fan Gelderlân. Meijer naaide yn de finale út út in kopgroep fan sân froulju en kaam solo oer de einstreek yn Apeldoorn. Danique Braam fan Feanwâlden, ploechgenoate fan Meijer, waard twadde. It tredde plak wie foar Kirsten Peetoom.