Boatsjeminsken ha noed oer treinen en speedboaten

17 apr 2017 - 14:09

It Wettersportbûn makket him soargen oer de yntinsivearring fan de tsjinstregeling tusken Ljouwert en Zwolle. Fan desimber ôf ride der fjouwer treinen yn de oere nei Zwolle, en dat is problematysk foar de rekreaasjefeart, seit Johan Woudstra fan it Wettersportbûn. De spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal kin dêrtroch tenei minder faak iepen foar it skipfeartferkear. Woudstra sei dat by de iepening fan it wettersportseizoen yn Terherne.

Der binne mear punten fan soarch, seit Woudstra. Hurdfarre op de Burgumer Mar bygelyks. "Wy binne net tsjin hurdfarren, as Wettersportbûn, mar op de Burgumer Mar wol. Dy is te lyts. Op bygelyks de Snitser Mar kin it wol. Dy is mear as trije kear sa grut."

De diskusje yn de Fryske Steaten oer de farwegen nei Drachten en It Hearrenfean wurdt troch it Wettersportbûn ek mei belangstelling folge. De provinsje wol in part fan it Van Harinxmakanaal en de farwei nei It Hearrenfean ferbreedzje. De farwei nei Drachten ta net. Dat soe te djoer wêze.

Terherne hat al protestearre tsjin de plannen. Se wolle de grutte skippen net troch it doarp hinne ha. Steateleden fine dat de provinsje hjirby net allinne sjen moat nei it ekonomysk effekt. De gefolgen foar rekreaasje en toerisme moatte goed ûndersocht wurde, fine se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)