Frou út Skearnegoutum wint seis ton yn lotterijprogramma

© RTL
In moaie meifaller foar Titia Huisman fan Skearnegoutum. De Postcodeloterij Miljoenejacht dielde dêr sneintejûn 590.000 euro út. Dat wie it finalistebedrach dat yn de útstjoering op telefyzje helle waard. Huisman krige it bedrach live op telefyzje útrikt troch presintator Winston Gerstanowitz. Neist de dielnimmer út Skearnegoutum waard ek 590.000 euro útdield oan in ynwenner fan Hengelo.