Friezen skitterje yn Champions League-wedstriid Barcelona

17 apr 2017 - 12:18
It stadion fan FC Barcelona - Foto: Jonathan Vitela, Creative Commons

Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp komt woansdei yn aksje by de Champions League-wedstriid tusken FC Barcelona en Juventus. Hy is net de iennige Fries by dy wedstriid: Mario Diks fan Ljouwert is fjirde official.

Beide mannen meitsje diel út fan it skiedsrjochtersteam fan Björn Kuipers. As se deryn slagje om de wedstriid yn goede banen te lieden, kinne se yn de heale finale fan de Champions League nochris ynset wurde.

Der stiet woansdei yn it stadion fan Barcelona behoarlik wat op it spul. Om de heale finale te heljen moat de Spaanske ploech in 3-0 efterstân goedmeitsje tsjin it Italiaanske Juventus.

(advertinsje)
(advertinsje)