"Nije kliko's kinne de kontener yn"

17 apr 2017 - 10:53

De nije ôffalkonteners fan Omrin smite yn Achtkarspelen tsientallen klachten op. By it leegjen binne de ôfrûne wike al hiel wat konteners sneuvele. Minsken kleie der ek oer dat de deksels soms samar iepen waaie. Dêrtroch kinne katten en fûgels maklik by it ôffal komme.

Offalferwurker Omrin seit yn in earste reaksje dat it giet om in nije soarte kontener, de Sortibak. Dizze bakken binne duorsum makke, fan plestik dat opnij brûkt wurdt, en se binne minder swier as eardere konteners. Der binne yn Achtkarspelen mear as 10.000 konteners útset. Dêrfan binne oant no ta 30 stikken gong. Neffens Omrin is dat gjin útsûnderlik heech oantal.

Ferline jier is mei de nije kontener proefdraaid yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. Doe binne der gjin klachten kaam. It bedriuw hâldt yn de gaten hoe't it de kommende tiid fierder giet. Stikkene konteners wurde sa gau as mooglik omruile, seit in wurdfierder. De VVD-fraksje fan Achtkarspelen sil de saak yn de gemeenteried oan de oarder stelle.

(advertinsje)
(advertinsje)