Drachtster drankrider moat rydbewiis ynleverje
In 24-jierrige man út Drachten is syn rydbewiis kwytrekke. Hy hie tefolle drank hân. De plysje sette him op de JFK-leane yn Drachten oan de kant. Al gau die bliken dat er tefolle dronken hie om noch ride te meien. De man blies 425 ugl. Foar begjinnend bestjoerders jildt in maksimum fan 88 ugl.