Nederlân wint wrâldbeker kuorbal foar teams ûnder de 19

16 apr 2017 - 19:44
Oranje ûnder 19 wint de wrâldbeker - Foto: http://www.u19kwc.com

It Nederlânsk kuorbalteam hat de wrâldbeker foar teams ûnder de 19 jier wûn. Se wûnen de finale fan de ferrassende finalist Sinees Taipei mei 28-16. De Aziaten berikten de finale troch ferrassend fan België te winnen. Yn de finale liken se ek even foar in stunt te soargjen troch brutaal de lieding te nimmen, mar Oranje kaam op tiid werom en luts de wedstriid nei him ta. It tredde plak wie úteinlik foar België dat de striid om it tredde en fjirde plak wûn fan Tsjechië.

De organisaasje wie tefreden oer it toernoai. Iennichs minpuntsje wie dat it team fan Mongoalië net opdaagjen kaam. Dat smiet it hiele wedstriidskema yn de war. Mar fierder is alles sûnder problemen ferrûn.

Trefwurden: 
kuorbal wrâldbeker
(Advertinsje)
(Advertinsje)