Hearrenfean ferliest ek fan Ajax: 5-1

16 apr 2017 - 18:35

SC Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin Ajax mei 5-1 ferlern. De Friezen hiene in bliksemstart mei in goal yn de achtste minút fan Reza Ghoochannejhad. Hy skoarde út in prima counter op in foarset fan Larsson. Ajax gie dêrnei folop yn de oanfal en krige ek de nedige kânsen, mar dat jilde ek foar SC Hearrenfean. Yn de 24e minút foel de lykmakker, Viergever skoarde út in hoekskop. Yn de 32e minút kaam Ajax op foarsprong troch in goal fan De Ligt, op in foarset fan Dolberg. Foar rêst waard it ek noch 3-1 troch in goal fan Klaassen.

De twadde helte wie wat it fuotbal oanbelanget lang sa goed net. De wedstriid wie úteinlik wol al spile. Yn de 67e minút waard it 4-1 foar Ajax út in penalty, neidat Morten Thorsby in oertreding makke hie op Dolberg, dy naam de penalty ek. Sân minuten foar tiid bepaalde Neres de einstân op 5-1.

Ajax bliuwt mei dizze útslach twadde yn de kompetysje, it ferskil mei Feyenoord bliuwt ien punt, want de Rotterdammers wûnen thús mei 2-0 fan FC Utrecht. SC Hearrenfean bliuwt op 40 punten stean.

Trefwurden: 
fuotbal Ajax SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)