Brânwacht yn aksje foar gaslucht yn Noardburgum
De brânwacht fan De Westereen moast sneintemiddei yn aksje komme, omdat der in gaslucht yn in wenhús oan de Hanegraaffwei yn Noardburgum rûkt waard. De brânwacht hat mjittings dien yn it hús en ek yn de huzen deromhinne, mar hat gjin lek fûn.