VC Snits hellet benaude oerwinning op Eurosped: 3-2

De follybalfroulju fan Snits hawwe peaskesnein de thúswedstriid yn de kampioenspûl tsjin Eurosped mei 3-2 wûn. It wie in benaude oerwinning, want de earste beide sets giene hiel maklik nei Eurosped: 25-20 en 25-20. Yn de tredde set kaam de ommekear en dy hellen se mei 25-17 binnen. De goede line waard yn de fjirde set trochlutsen, dy wûnen se ek mei 25-17. Yn de belissende fyfde set gie it lykop, mar de Snitser lutsen de oerwinning mei 15-12 oer de streek.
Dêrmei lizze se noch op koers om it lânskampioenskip. Sliedrecht is al wis fan in plakje yn de finale. Snits hat no 18 punten út 8 wedstriden, ien punt minder as Set Up, sy hawwe 19 punten út 9 wedstriden.
VC Snits hat noch twa thúswedstriden op it programma: woansdei tsjin Alterno en kommende snein tsjin Flamingo's.