Jutter siket nei fynst om famylje fan Steve Hall

Jutter siket om famylje fan Steve Hall © Guus van Dieren
Op it strân tusken Midslân en Formerum op Skylge hat jutter Guus van Dieren sneintemoarn in bysûnder stik hout fûn. It giet om in part fan in steiger mei dêrop in nammeplaatsje mei de namme Steve Hall. Wa't dat is, is net dúdlik, mar it giet nei alle gedachten om in Brit. Van Dieren hopet fia ynternet yn kontakt te kommen mei famylje fan Steve Hall.