Drankrydster út Snits yn Ljouwert fan de dyk helle

Alkoholkontrôle © ANP
In 32-jierrige frou út Snits waard sneintemoarn betiid op de Oostergowei yn Ljouwert betrape op it riden mei drank op. De blaastest joech in útslach fan 645 ug/l, dat betsutte dat se har rydbewiis ynleverje moast. Boppedat wurdt se oanmelden foar in kursus oer it omgean mei alkohol yn it ferkear.
It wetlik maksimum dat is 220 ug/l, dat betsjut dat dizze automobobiliste trije kear safolle dronken hie as tastien is.