Riekele Kobes en Hinke Schokker winne Slach om 'e Mar Burgum

16 apr 2017 - 14:27
Dielnimmers oan de Slach om 'e Mar yn Burgum

Riekele Kobes hat sneon de 24e edysje fan de Slach om 'e Mar yn Burgum op syn namme skreaun. Twadde waard Hagos Berhane en it tredde plak wie foar Menno Mud. Oan de start stiene 227 dielnimmers, krekt wat mear as ferline jier (214). By de froulju wûn Hinke Schokker, Inge van Schaick einige as twadde en Wilma van Galen waard tredde. Sawol de froulju as manlju leine in ôfstân fan 20 kilometer ôf. Dielnimmers koene ek kieze foar de 11 of 6,5 kilometer.

De 20 kilometer ferrûn net hielendal sûnder problemen troch betizing oer de rûtebuordsjes. Dêrtroch gong in part fan de hurddravers de ferkearde kant op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)