Robbert Schilder noch fraachteken by Cambuur

16 apr 2017 - 12:21

It is noch net wis oft sintrale ferdigener fan Cambuur, Robbert Schilder, moandei spylje kin yn de útwedstriid tsjin Jong FC Utrecht. Schilder hie lêst fan in spierblessuere, mar trainde snein wol mei. Neffens Cambuurtrainer Sipke Hulshoff is it meidwaan fan Schilder wol fan belang. De Ljouwerters spylje yn it grutte Galgenwaardstadion, foar nei alle gedachten mar sa'n tûzen taskôgers. In wat bizarre ambiânse dy't spilers freget dy't dêr saaklik mei omgean kinne, sa seit Hulshoff. Dat is ien fan de redenen dat Martijn Barto in basisplak krijt. Dat giet ten koste fan Tarik Tissoudali.

Fierder woe Hulshoff noch gjin opstelling bekend meitsje. Cambuur hat dûbele belangen by in oerwinning moandei. Dan bliuwe sy earste yn de fjirde perioade en it betsjut ek dat yn de algehiele rangskikking in topplak behâlden bliuwt.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)