Wim Stroetinga achtste yn koppelkoers WK baanhurdfytsen

16 apr 2017 - 11:53
Wim Stroetinga (hjir yn in oare wedstriid) - Foto: ANP

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap en syn ploechmaat Yoeri Havik binne snein achtste wurden yn de finale fan de koppelkoers fan it WK baanhurdfytsen yn Hongkong. It Nederlânske team koe him net serieus minge yn de striid om de medaljes, se hellen net mear as 5 punten. De wrâldtitel gong mei 45 punten nei Frankryk, Australië wûn sulver mei 41 punten en de Belgen pakten it brûns mei 32 punten.

Bûnscoach Schep oer de prestaasje fan Wim Stroetinga. "Wim had een mindere dag. Maar ook bij de mannen kijk ik in zijn algemeenheid tevreden terug op dit kampioenschap. Stroetinga reed een sterke scratch, Dion Beukeboom een goede achtervolging en Roy Eefting een prima omnium." Dat levere yn it gefal fan Stroetinga (fjirde) krekt gjin medalje op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)