Rekreaasjeseizoen yn Balk feestlik iepene mei Legowedstriid

16 apr 2017 - 11:09
Foto: Het Geschenkhuis

Yn Balk is sneon it rekreaasjeseizoen feestlik iepene. Der wiene ferskate aktiviteiten foar jong en âld yn en om it sintrum fan Balk. Minsken koene nei de merk oan de Luts, meidwaan oan wettersportaktiviteiten, âlde ambachten besjen en genietsje fan muzyk. By in bouwwedstriid mei Lego waarden fyftich Legohuzen makke. Bern oant en mei 10 jier koene dêr prizen mei winne.

Trefwurden: 
rekreaasjeseizoen Balk Lego
(Advertinsje)
(Advertinsje)