Underdûkt: "Ik ha it troffen, mar ha my altyd oars field"

16 apr 2017 - 08:39

As poppe kaam Foke Kranendonk-Waterman nei Fryslân. In Joadske baby dy't in feilich ûnderdûkadres krige yn Ljouwert, by Frans en Aaltsje Sytsma. "It wienen myn pleechâlden, mar ik neamde se heit en mem en ik ha dêr in geweldich plak hân." De Sytsma's hienen sels gjin bern en brochten har op as harren eigen dochter. Tsjin kunde en buorlju waard sein dat se út Rotterdam kaam en dat har âlden wierskynlik by it bombardemint omkaam wienen.

Tankber

Nei de oarloch kaam der regelmjittich besite út Amsterdam. Minsken fan de Joadske beweging fûnen dat Foke werom moast nei it Joadske libben. Eins moast se sels nei Israel. It brocht in soad spanningen by de Sytsma's. Fan Foke's famylje ha mar twa neven de oarloch oerlibbe. Ien fan har hat der foar soarge dat se yn Ljouwert bliuwe mocht. "Dêr bin ik myn neef noch altyd tankber foar."

In skaad oer myn libben

Frou Kranendonk-Waterman hat doetiids in geweldich ûnderdûkplak troffen, en geweldige pleechâlden, mar dochs hat de oarloch har hiele libben oanwêzich west. "Op in gegeven momint feroaret der wat, dan besef je dat je oars binne as in oar. It noait ergens echt thús fiele, der is by my altyd wantrouwen. It is in skaad oer myn libben, it is gjin dei fuort."

Harkje nei de reportaazje mei Foke Kranendonk-Waterman. Dizze reportaazje is de earste fan trije dy't de kommende wiken yn Buro de Vries te hearren binne as ûnderdiel fan it projekt 'Underdûkt yn Fryslân". Dit is in projekt fan Tresoar, Wij van PS en Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
ûnderdûke Buro de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)