Oerterp is tûkste doarp fan Fryslân

16 apr 2017 - 07:53

Oerterp is it tûkste doarp fan Fryslân. It doarp wûn sneontejûn yn Burdaard de kenniskwis foar Fryske doarpen. Oerterp pakte de haadpriis fan 1000 euro, te besteegjen foar it doarp. Ek mei it de titel 'Het slimste dorp van Friesland’ in jier drage. Hilaard waard twadde, folge troch Burdaard. Skettens einige as fjirde en De Westereen pakte it fyfde plak.

It wie in tige spannende striid, dy’t mar mei ien punt ferskil wûn waard troch Oerterp. Alle fiif finalistedoarpen hiene in protte supporters meinommen nei MFC Het Spectrum yn Burdaard. Sy seagen hoe’t harren teams fragen beäntwurdzje moasten yn kategoryën as skiednis, aktualiteit, sport, muzyk en Fryslân. Elk team bestie út fiif ynwenners fan it doarp.

De kenniskwis foar doarpen waard foar it earst organisearre yn Fryslân troch de ûndernimmers Justin van Vliet en Tim Weidenaar. Yn septimber begûn de kompetysje mei ferskate regionale foarrondes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)