Gordykster piraten krije boete foar te hege mêst

In besite fan it Agentschap Telecom oan de peaskemaraton fan de Gordykster piraten is net sûnder gefolgen bleaun. It Agentschap lei de piraten in boete fan 250 euro op, omdat harren stjoermêst in pear meter te heech wêze soe. "In bytsje flau en skande fan it jild", is de reaksje fan piratewurdfierder Edwin Bosma. "We binne dwaande om jild op te heljen foar de Wensambulance en dan ha je leaver dat it jild dêr hinne giet."

De peaskemaraton fan de Gordykster piraten is tongersdei begûn en giet troch oant en mei twadde peaskedei. Yn in feesttinte binne der op freed- en sneontejûn optredens fan ferskate artysten lykas Lytse Hille, Smurfke en Monica West. Mei tastimming fan it Agentschap Telecom wurdt de peaskemaraton ek útstjoerd op 107.20 FM. De Gordykster piraten organisearren al earder maratons en binne fan doel om dêr in tradysje fan te meitsjen. "De oare kear moat de mêst mar wat minder heech, mar as it heal kin geane we wol troch."