Lemsters yn aksje foar 'It eintsje fan 'e daam'

15 apr 2017 - 22:19

Op De Lemmer is sneontemiddei aksjefierd foar it hokje op 'It eintsje fan 'e daam'. Op de ein fan de daam yn de Iselmar stiet al jierren in hokje, dat foar in soad Lemsters nostalgyske en kultuerhistoaryske wearde hat. De gemeente De Fryske Marren is lykwols fan doel om it hokje ôf te brekken en te ferfangen troch in ljochtmêst en in bank. Dat foarnimmen is by in soad Lemsters net goed fallen. Ald-wethâlder Wietze de Haan fan de eardere gemeente Lemsterlân hat mei in on-line petysje tsjin de sloop fan it hokje yn wike tiid al mear as tûzen hantekens sammele.

By de protestbyienkomst waard sneontemiddei foar it earst in aksjeliet songen foar behâld fan it hokje op 'it eintsje fan de daam'. Op de meldij fan 'Ooh Heideroosje' songen de Lemsters: No binne der wer plannen foar it eintsje fan 'e daam, `t plakje dêr't wy swommen en faak skar`len mei de faam, dat mei net gebeure, nee gjin sloop fan dit gebou, kom net oan ús eintsje en bliuw fan ús hokje ôf. De sfear by de byienkomst wie striidber. De inisjatyfnimmers binne fan doel om de protesten oer te bringen oan gemeentebestjoer en gemeenteried fan De Fryske Marren.

Neffens FNP De Fryske Marren hat wethâlder Johannes van der Pal sneontemiddei op De Lemmer al oanjûn dat 'It eintsje fan 'e daam' bestean bliuwt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)