Bûtenpost troch nei heale finales noardlike beker

15 apr 2017 - 20:08
Argyffoto - Foto: Twitter, René van der Weij

Troch de strafskoppen sneontejûn better te nimmen as it Drintske Nieuw Buinen is Bûtenpost troch nei de heale finale fan de noardlike distriktsbeker. De wedstriid sels kaam mar dreech op gong. It like der op dat beide ploegen benaud wiene om tefolle risiko te nimmen. Foar Bûtenpost miste Rob Dykstra yn de earste helte in grutte kâns, mar de Drinten wiene likemin trefseker. Ek yn de twadde helte moast it publyk lang op de earste goal wachtsje, want pas 4 minuten foar tiid brocht ynfaller Wim de Vries de 0-1 op it skoareboard. De wedstriid like dêrmei dien, mar yn de lêste tel fan de blessueretiid die Nieuw Buinen lang om let dochs noch wat werom fia Robert Tieks: 1-1.

Bûtenpost wie folle better yn it nimmen fan de strafskoppen. Oan Fryske kant giene de fiif penalty's der allegearre yn, wylst foar Nieuw Buinen Hateboer en Berends misten. By Bûtenpost binne se út de skroeven troch de winst yn Drinte. Bûtenpost mei no takommend jier meidwaan oan de 'grutte' KNVB-beker mei kâns op wedstriden tsjin grutte amateurklups of sels profklups. Yn de noardelike fuotbalbeker mei Bûtenpost it no op 25 april opnimme tsjin Staphorst. De triomf yn Nieuw Buinen waard meimakke troch in grutte ploech fans dy't út Bûtenpost meireizge wiene om 'de blaukes', sa't Bûtenpost ek wol neamd wurdt, oan te moedigjen. Yn de gaste-klaaikeamer fan Nieuw Buinen wie it gelyk nei de wedstriid al grut feest.

(Advertinsje)
(Advertinsje)