Jill Schirnhofer lûkt soad bern nei de boekwinkel

15 apr 2017 - 18:57

De jonge skriuwster en programmamakster Jill Schirnhofer luts sneon in soad jonge bern nei boekwinkels yn Ljouwert en op It Hearrenfean. Schirnhofer is dwaande mei it promoatsjen fan har nijste boek Elvy´s wereld, mar se is eins noch folle bekender troch it tv-programma Jill op NPO 3 oer tekenje, nifelje, moade en itensiede.

Tsientallen jonge bern, foaral famkes, kamen nei de winkel foar in selfy mei de jongste skriuwster en in hanteken. Op It Hearrenfean soarge dat bytiden foar lange rigen, mar it bleau in fleurige boel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)