PSV wint yn heale bekerfinale fan froulju Hearrenfean

15 apr 2017 - 17:59

De froulju fan SC Hearrenfean makken it sneon de froulju fan PSV lestich yn de heale bekerfinale. De Brabânske froulju iepenen de skoare, mar de froulju fan Hearrenfean lieten it der net by sitte en giene fûl op syk nei de lykmakker. Dy lykmakker foel pas yn blessueretiid. Tiny Hoekstra skoarde 1-1 en twong sa penaltys ôf.

De froulju fan PSV namen de penaltys krekt wat better en sadwaande waarden de froulju fan Hearrenfean dochs noch útskeakele. PSV mei it no yn de bekerfinale opnimme tsjin de froulju fan Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)