Nyck de Vries tsiende yn earste race Formule 2

15 apr 2017 - 17:35

Nyck de Vries is sneon yn syn earste race yn de Formule 2 tsiende wurden. De 22-jierrige Snitser ried yn it gleone Bahrein foar it earst yn de klasse krekt ûnder de Formule 1. Hy begûn as twadde oan de wedstriid, mar moast dúdlik noch wenne oan syn nije auto. Hy ferlear fuort by de start al twa plakken. Dêrnei lei hy lang op in fjirde plak.

Ek it fjirde plak koe De Vries net fêsthâlde, omdat syn bannen oan 'e ein hielendal stikken riden wiene. It resultearre yn in tsiende plak.

(advertinsje)
(advertinsje)